De bealch der op yn Sleat

Nuver waar wie it hjoed op it wetter en dat koene de silers goed fernimme. Oan’e kant wie it betiden hast net te folgjen wat de bedoeling wie, sels de kommentator oan wâl sei lûdop ‘HUH?’ yn de mikrofoan en blykber wie de wedstriidlieding sa no en dan ek dwalend. Mar yn alle gefal ha de skippen op it wetter har der mei rêden.

Blauhús gie poerbêst fan start. Fuort achter it tredde skip oan fear Blauhús neist twa oaren yn formaasje. Wa’t wit hoe’t de 4e, 5e en 6e startposysje ferdeeld wie, mei it sizze. Spitich, mar dit plak wie net fêst te hâlden, al gau bedarre de Freonskip op plak nûmer 8. Mei in bêste slach wisten se nei in 6e plak te kommen en om dat fêst te hâlden moast de kop der foar en de bealch der goed op, want allemachtich wat spûke it even op de Sleattemermar. Wylst we oan’e wâl it each hiene op in pear skippen dy’t hast op ien ear liken te lizzen, tipte de Singelier om. Blauhús skepte wetter, mar bleau it swimmen besparre. Der like mar gjin ein te kommen, mar gelokkich koene se it lêste krúsrak yn en op’e finish ta. En wyltst de Sterke Jerke in bêste haal die en toch wer nei in earste plak ta sile koe, slagge it Blauhús om Top en Twel en de Redbad foar te bliuwen. Bliid mei in seisde plak foar dizze dei!

Yn it klassemint kin de Freonskip no in fjirde plak dele mei twa oaren; it sit dêr yn it midden allegear ferhipte ticht byelkoar en de kommende dagen sil Blauhús der foar stride moatte om har posysje dêr fêst te hâlden. We hope de kommende dagen it publyk wer wat moais sjen litte te kinnen, hjoed wie it foar de bemanning al machtich dat der safolle minsken op’e wâl stiene foar de Freonskip. Geweldich!