De Fryske flagge kin út: in tredde plak!

Dizze ynheldei wie foar Blauhús in poerbêste dei, mei in tal meunsterachtige slaggen wist de Blauhúster bemanning de Freonskip nei in tredde plak te silen.

Neidat der trije kear in alhiele falske start west hie, gie de float foar de fjirde kear op de start ta. Ofgriselik spannend, mar mei geweldich resultaat, want wat in machtige prestaasje om yn dizze kompetysje as tredde oer de finish te kommen. It wie hjir en dêr wol echt fjochtsjen. Mei in flink stikje lef wrotte it Blauhúster skip dertusken by de earste hege tonne en wisten se letter yn it lêste rak noch in pear plakken te pakken. Machtich om te sjen!

Yn it algemien klassemint pronket no mei rjocht in dúdlik fjirde plak wat de kommende trije dagen ferdigene wurde moat. Publyk is fansels wer fan herte wolkom!