De lêste wedstriden fan 2017


IFKS slotwedstriid 14 oktober 2017 op de Heegemermar

Takom sneon sille we meidwaan oan de slotwedstriid fan de IFKS, dus moast der noch even flink traind wurde. Hjirfan tsjoege wat byldmateriaal oan board.
We sile no yn de B-klasse en sille om 10:30 starte. Foar de taskôgers: de giele boeien binne foar de B en C klasse, de oranje boeien binne foar de A klasse.
Alle publyk is fansels wer tige wolkom; graach oant sjen!

    

           

Roekepolle race 21 en 22 oktober 2017
De allerlêste kearen dat de Blauhúster bemanning de pompeblêden mei it wetter opnimme fan’t jier is sneon 21 en snein 22 oktober op de Snitser mar en de Goaijingarypsterpuollen mei de Roekepolle race. Sa’t it no liket wurdt der hurde wyn foarspeld, it is bêst mooglik dat de silerij dan oergiet fansels, mar mocht it waar sa min net wurde, dan farre we yn de grutte A-klasse:
Sneon om 10:30 oere en 14:15 oere
Snein om 11:00 oere
Elk is wer fan herte wolkom.