Earste dei Slach om Heech


De earste dei by de Slach om Heech wie foar it Blauhúster skip goed súksesfol te neamen!
De earste wedstriid wiene we krekt even te frij en ha we in lyts rûntsje ekstra dwaan moatten. Sa kamen we as fyfde oer de finish, de oare beide kearen wiene we twads en treds. Nei trije moaie silerijen steane we op in tredde plak yn it klassemint.
Moarn mar wer sa’n dei!


Swurdeman Teake Witteveen koe it net drûch hâlde…