Earste wedstriid IFKS 2019

Sa wie der hjoed toch dy earste wedstriid. Mei in flinke pûster wyn waarden de skûtsjes de Fluessen oerblaasd, in reef yn it seil wie dêrby wol noadich. Blauhús gie poerbêst los, mei in tredde plak om’e boppeste tonne. Troch in bakboard-stjoerboard sitewaasje moasten se in ekstra rûntsje draaie en hun moaie posysje weijaan. Dêrnei is der noch knap syld en koe der úteinlik mei in 8e plak besletten wurde. Moarn by Heech it ferfolch!