Freonskip op’e nij in sânde plak

Mei eigen publyk yn de leeftiid fan 9 oant 90 sylde Blauhús hjoed op’e Tsjûkemar, in moaie wedstriid om te sjen, ek al wie it wat skier yn’e fierte.


De Freonskip gie as sânde oer de startline mar krige it foarelkoar om twa plakken nei foaren te kommen. Mei wat lef oan board doarde Blauhús in eigen route te silen en kamen se prachtich twa kear as fyfde om’e tonne. Yn it foardewynse rak moast men belies jaan en TopenTwel foar gean litte. By de finish like it fanôf de kant in striid te wêzen tusken TT en de Freonskip, mar oan bakboard kant gie de Goede Verwachting toch ek noch krekt foar Blauhús oer de streep. Sa waard it foar Blauhús toch op’e nij wer in sânde plak.

Spitigernôch kamen dêr noch trije strafpunten by dy te krijen hawwe mei it trochjaan fan de bemanning. Yn it klassemint sit it ticht byelkoar tusken nûmer 4,5 en 6. Juster wie it foar ús noch in 4e plak, hjoed steane we op 6. Noch twa dagen te gean en dan sille we sjen mei wat foar einstân as we op’e Blauhúster merke komme. It is hoe dan ek al in prachtige sylwike wurden.