Freonskip wer as sânde oer de finish

Hjoed hiene we op’e nij te min wyn om der mear as in sânde plak út te slepen.

Afbeelding kan het volgende bevatten: 1 persoon, zitten en buiten

Klear foar de striid gie Blauhús fan’e moarn it wetter op, dat de wyn ús net osa helpe soe wie fuortdalik al dúdlik. De bealch derop en besykje der it bêste út te heljen, betsjutte hjoed foar de Freonskip wer in sânde plak en dêr meie we bêst tefreden mei wêze. Moarn even in rêstdei en dan tongersdei op it Tsjûkemar by Ychten de kop der mar wer foar.

As jo dy wedstriid wat folgje wolle, is der tusken Ychten en Ychtenerbrêge in dykje nei it gemaal. Dêr moat it knap te sjen wêze.