Geweldich syld op’e Lemmer

Mei de wyn der fol op fleach Blauhús op’e startline ta by Lemmer. Te hurd bliek al gau: de Freonskip en TopenTwel hiene in falske start en koene in strafrûntsje dwaan.

Sa giene se tegearre yn it achterein op’e boppeste tonne ta. Blauhús koe al gau in pear plakken werompakke en gie as 11e om’e tonne. Yn it twadde rak doarde Blauhús it oan om har eigen koers te farren en hellen se noch in pear skippen yn wêrtroch se as 7e fierder koene. In geweldige prestaasje fan skipper en bemanning wêr’t men ek hurd foar wrotte moast. De loft beluts, de wyn helle noch mear oan en we seagen it iene nei oare skip op ien ear lizzen. Hjir en dêr waarden der al in oantal reven yn’e seilen setten, mar de Freonskip doarde mei, sa op it each te sjen, ien reefke de wyn noch wol aardich te pakken. Yn it lêst wie it fan de kant ôf dreech te sjen hoe’t der boppe yn finisht waard. It like in 6e plak te wêzen! In geweldige prestaasje dy, sa bliek letter ek wierheid wie.

In tefreden en opluchte skipper en bemanning kinne de merke yn, de strafrigel fan juster dy’t ús trije punten opsmiet, is weromlutsen en nei in falske start noch 6e wurde; it koe wol minder!
Tagelyk kaam der nijs út’e buorren: yn de merke-optocht ried de Lytse Finne mei it Blauhúster skûtsje mei it opskrift ‘Giet it hjoed op’e Lemmer goed of fout, wy sitte gewoan yn Blauhús op’e merke oan it helmhout’. Neffens de bemanning fertsjinje se de haadpriis