Grut ûnderhâld fan begjin oant ein

Nei in drokke winter foar de bemanningsleden, folget no in hiele stille simmer.
It skip hat fan’t winter in grutte face-lift hân, mar der komt spitigernôch net in moaie simmer mei geweldige silerijen yn de A klasse achteroan.

De hiele winter is der flink arbeide oan it ûnderhâld fan it skûtsje. No leit it der wer as in pronkje by. Foar ús folgers op Facebook wie it stapsgewiis al te sjen wat der allegear dien is, hjir in lytse kompilaasje.

Novimber 2019
It skip wurdt út it wetter helle mei help fan Joop Hannema fan KFT.  It krijt plak yn de loads fan Brandsma Wolsum, wêr’t it grut ûnderhâld begjinne kin: It skip moat lichter makke wurde en it krijt in flinke kwast ferve. De romp moat straald wurde, mar dat wurdt fansels net troch de bemanning dien, dêr giet it foar nei Hooghiemstra.
Desimber 2019
It is dúdlik: fan’t jier gjin skip mei moaie krystferljochting by de Opslach yn Blauhús. It skip is stript fan alle houtwurk en alle oerskot oan izer is der út. De hiele binnenkant is roastfrij makke en skjinmakke. De motor wurdt neisjoen, der wurdt laswurk dien en antifouling oanbrocht. Lûken, swurden, neam mar op; alles komt troch de hannen.
April 2020
No binne wy der klear foar, it skip is der klear foar, mar oeral leit alles stil. Ek op it wetter. Fan’t jier wurdt der yn april net syld by Langwar en giet ek Lemmer Ahoy net troch. Earst hope we noch dat der 20 en 21 juny by Heech syld wurde kin, mar as sels dêr de streep troch giet en Sail Amsterdam en de IFKS fuort folget, witte we genôch: it silen yn de A-klasse giet ús noas fan’t simmer foarby.
(Sjoch op ús Facebookpagina foar mear foto’s)