Grutte lotterij fan it Blauhúster skûtsje!


Op 29 desimber wurde op feestlike wize de winnende lotten fan de grutte lotterij fan it Blauhúster skûtsje lûkt. Fanôf middeis trije oere stiet der in tinte op’e Opslach wêryn we elk wolkom hjitte om mei ús it jier ôf te sluten en alfêst in slokje te nimmen op 2019 én fansels gewaar te wurden wa’t mei de prizen nei hús giet.

We ha lotten foar 5 euro it stik en jo kinne winne:
in elektryske fyts
in warmtepompdrûger
in tillefyzje
twa oernachtings, mei brochje en jûnsmiel
in middei ploechjesilen mei 12 persoanen
en noch wat lytsere prizen…

Hat der by jo noch net ien oan de doar west mei in lotteboekje, of ha we jo net thústroffen,
lit it ús witte en we komme del!
freonskip@skutsjeblauhus.nl