Hurde wyn en de gang deryn

In hiele oare dei op’e Lemmer as juster. Skiere loften, tsjokfol wyn en wetter en in grize Iselmar mei skûmkoppen. Hjoed it lytse túch derop en wat reefkes deryn en dan evensagoed noch hurd wurkje oan board.

Mei it ynsilen waard der al aardich wetter skept en oan’e kant stie it publyk mei de kraach omheech, elk wist it al; dizze lêste silerij soe in moai stikje spektakel opleverje kinne. En hoewol’t de winner juster al bekend wie, wie de striid foar de plakken dêr fuort achteroan beslist noch net beslikke. Blauhús sette wer goed útein en hie in moaie start. De earste kear sa falsk as mar mooglik wie, mar gelokkich wiene der mear en waard de hiele float weromfluite. Dêrnei gie de Freonskip as 5e om de earste tûne en wie it hurd wurkjen om dat plak beet te hâlden. Fuort achter hun fear de Jonge Rein en de Raarder Roek, beide skippen dy’t wol foarút wolle, dus spannend genôch. Lokkich slagge it om oan it ein ta op it 5e plak te bliuwen. Spitich dat de Redbad twa plakken foar hun silen bleau, hjirtroch moast Blauhús it 4e plakje yn it klassement oan har weijaan. Mar evensagoed in top-prestaasje foar ús ploech dy’t úteinlik noch mar krekt begjint en dit jier foar it earst yn de B-klasse meidocht.

Foar elk oan board wie it in geweldige wike en hooplik ek foar de minsken oan’e wâl. It wie yn alle gefal fantastysk om alle kearen safolle publyk te treffen, dat wurdt tige wurdearre!


https://www.ifks.frl/wedstrijden/uitslagen/uitslagen-b-klasse/klassement-b-klasse/

Even de boel oereidzje.

Sûnder dit support-team waard der net syld.