Hurde wyn op ‘e Fluessen

Ofrûne sneon (8 oktober) wie it tiid foar de slotwedstriden by Heech. Dit kear wie it wedstriidfjild op ‘e Fluessen, de priisútrikking tradisjoneel wer yn it Heechhús. By in goeie wyn (krêft 4 oant 5) moast de bemanning fan ‘e Freonskip goed skerp wêze. Fan de 10 dielnimmende skûtsjes waard Freonskip yn de earste wedstryd 8e, de twadde wedstryd lêste en de lêste twa wedstriden 9e.

Oankommend wykein is it tiid foar de Roekoepollerace op It Snitsermar, oant dan!