IFKS 19 oant en mei 26 augustus 2017

Afbeeldingsresultaat voor ifksBinnenkoart giet de echte striid oan, de ‘proefwedstriden’ ha west en no sil it los!

Der is fanatyk traind by Heech en alles stiet op skerp. It skip hat sels út it wetter west en der is in klapskroef ûnder kommen, om noch mear gang te krijen.
Spitigernôch hawwe in pear bemanningsleden krupsjes, wêrtroch se net meisile kinne. Teake Witteveen en Richard Rypkema sille de silerij oan de rest fan de bemanning oerlitte moatte, omdat se beide in bryk ûngemakje hân hawwe yn har frije tiid.
Ferhipte jammer, mar it is net oars. De rest fan de bemanning sil it oppakke moatte en is der hielendal klear foar.
Ek ha in oantal bemanningsleden in folchskip regele, sadat de ploech in goed hinnekommen hat foar en nei de wedstriden, dus ‘let the games begin’!

Wy ha der sin oan en we hope jim ek, elk is tige wolkom lâns it wedstrydwetter op de hjir nêst neamde dagen en plakken.

Mear en oare ynformaasje oer de IFKS silerijen kinne jo fine op http://www.ifks.frl