IFKS Heech Tiisdei 22-8-2017

Oan it begjin fan dizze dei wie hast net foar te stellen dat der genôch wyn op’e Heegemermar wêze soe om de skûtsjes wat mear dwaan te litten as driuwen allinnich, mar dat foel gelokkich mei. Der waard starten!

Spitich foar Blauhús dat se foar de start noch om moasten, wêrtroch se ynplak fan hielendal foaroan, hielendal achteroan los giene. Mei sa’n bytsje wyn is it in hiele toer om dan in goeie slach te slaan en skippen foarby te gean. Toch pakte it goed út foar de Blauhúster bemanning: in pear moaie slaggen en sa is der úteinlik toch in achtste plak úthelle. Oan it ein fan de dei bliek sels dat we troch diskwalifikaasje fan ‘de Gerrit Ynze’ (sy hiene gjin anker oan board) op in sânde plak eindige binne.

Ek al wiene de mannen sels net hielendal tefreden, foar it publyk wie it dúdlik: petsje ôf!