IFKS Hylpen Sneon 19-8-2017

De kop is der ôf!
We ha ús earste IFKS wedstriid syld en binne beslist net ûntefreden oer it risseltaat: in 7e plak.
Mei moai wat oanmoediging fanôf de wâl koene we mei prima waar en in flink stikje wyn it wetter oer. De start hie om ús wol wat better kinnen, flak foartiid hiene we in oanfarring wêrby we wat skea oan in rútsje fan de roef oprûnen. Dit joech fuort gjin oanlieding ta protesten, mar wol mei troch dit akkefytsje giene we yn it achterein fan start, toch slagge it geandewei de wedstriid om moai yn de middenmoat oer de finish te kommen. Al mei al in prima earste dei en dat jout de burger moed foar it ferfolch. We hope ek moandei yn Starum wer wat eigen publyk op de seedyk te sjen, want dat is toch wol machtich foar de minsken oan board, dat bringt ús ekstra wyn yn’e seilen.
Dus: wolkom moandeitemoarn om kertier oer njoggenen yn Starum!