IFKS Lemmer Freed 25-8-2017

Hjoed in prachtige dei foar Blauhús. Fan’e moarn earst hiene we der net folle fertrouwen yn dat der in wedstriid komme soe, mar yn de Lemsterbaai stie toch krekt genôch wyn om te silen.

Foar it publyk wie it ek goed te folgjen fanôf de kant: in moaie striid. Foaroan wie Gerrit Huisman oppermachtich, mar it like fanôf de wâl as soe Blauhús yn it krúsrak in goeie slach slaan om goed tichteby te kommen. Dat pakte oars út, se moasten in hiele klofte skippen foargean litte en sa rekken se gâns achterop. Yn it twadde krúsrak kaam de revanche en koe Blauhús de wyn wol goed yn de seilen krije. Dy slach levere ús in moai fyfde plakje op by de boppeste tonne.

Al mei al in prima dei en foar it klassemint in 6e posysje.
Underweis werom nei de haven waard it skip noch kontroleard troch de IFKS, lokkich foar ús wie alles sa’t it wêze moast, dus gjin rare fratsen mei diskwalifikaasjes of soks.

Doe’t it skût wer teplak lei hat skipper Hartman Witteveen ús begelieder Sipke Westra alfêst betanke foar syn oandiel yn it gehiel. Sûnder Sipke hie Blauhús fan’t jier beslist noch net meidwaan kinnen.
Sipke joech de bemanning, dy’t klearstie om de Blauhúster merke yn te gean, noch even in tip mei om seker elk feestje mei te pakken, mar dat der moarn op it wetter ek noch wat fan se ferwachte wurdt. Dêr waard mei ynstimd, dus we strike moarn wer del op de Lemster wâl en sjogge graach Blauhús moarn noch in moaie lêste wedstriid silen.