IFKS Lemmer Sneon 26-8-2017

Alwer in blakstille dei foar de IFKS silerij. Moai waar om in rûntsje om de mar te fytsen, mar net om mei in skûtsje dwersoer te stekken. Om de tiid fan wachtsjen foar de start troch te kommen fierde de bemanning, ûnder muzikale begelieding fan Hartman, al in bytsje feest oan board. (hjirfan stiet in post op Facebook)

Undanks merke yn Blauhús en stil waar op’e Lemmer, siet der toch wat publyk oan’e kant. De kamera’s wiene klear foar aksje, mar de wyn kaam net.
Earst like der noch wol in lyts suchtje te stean en hoopten we op in (wat lettere) start, mar nei in goed oere driuwen strieken de skippen de seilen en gie by de earsten fan de C-klasse de Fryske flagge boppe yn de mêst. Skipper Hartman Witteveen fan Blauhús hat de winners (skipper Gerrit Huisman en bemanning) op’e mar al in lofsang tablaasd op’e trompet.

Foar ús betsjut dizze dei sûnder wedstriid in 6e einplak yn it klassemint. Bêst genôch, ek al hiene we it leaver silend ôfsluten. No dûke we de feesttinte yn op it merke-terrein yn it doarp en hope we dat jong en âld der in slokje op drinke mei.