IFKS Sleat Woansdei 23-8-2017

Hjoed net fuort in dei om entûsjast fan te wurden. Prachtich silerswaar, dat wol, mar in teloarstellend risseltaat. Alwer, foar de tredde kear like Blauhús der mei de start goed foar te lizzen, mar der waard in pear kear mei in falske start útein setten (dêr hiene wy gelokkich gjin skuld oan, mar wol lêst fan…)

Dat it net slagge om nei in pear goeie slaggen yn de middenmoat of it foarein te bliuwen wie de bemanning min nei’t sin. Doe’t nei de wedstriid der nammen fan skûtsjes neamd waarden dy’t ‘ús dwers sitten hiene’ wie it kommentaar fan bemanningslid Wypke Attema: ‘Ja, se wolle allegear earst nei de finish ta. As se no even op ús wachten, koene wy wol winne.’
Miskien moatte se jûn yn de feesttinte even tipt wurde troch de ien as de oare.

We hope hoe dan ek op Ychtenerbrêge op in better plak as it tsiende, sa as hjoed.
We sille it sjen!