IFKS Starum Moandei 21-8-2017

Sa’n moaie wedstriid fol fjoer as der sneon op Hylpen te sjen wie, krigen we hjoed net. Undanks it blakstille waar wiene der toch wat minsken de kant fan de Starumer seedyk opskarrele en dêr ha we meielkoar in oere sjoen nei de driuwerij fan de skûtsjes fan de C-klasse. Oan starten kaam it net ta.

Sa no en dan tochten we dat der in lyts suchtje wyn kaam, mar it bliek bedroch. Der siet gjin gang yn de skûtsjes en nei ferrin fan tiid wie it dúdlik: dat feroare ek net mear. Miskien hat de A-klasse fan’e middei mear gelok en kinne sy wol sile, mar dizze skippen krigen it sein dat it oer gie. It spul koe wer nei ûnderen en wer op’e slús ta. Spitich, mar it is net oars. Moarn better.

Fan’e middei giet de karavaan wer op nei Heech en dan hope we dat moarn de wyn wer wat oanhellet.