IFKS Starum wurdt Fluessen


Hjoed koe de silerij op Hylpen net trochgean, it sil jim net ûntgien wêze; de simmerstoarm siet de wedstriid yn’t paad. Moarn wurdt der net by Starum syld, mar hat de IFKS besletten de wedstriid op de Fluessen sile te litten. Hiel spitich dat dy lokaasje fanôf de wâl net it bêste sicht op de wedstriid biedt. Foar de minsken dy’t yn’e gelegenheid binne om op it wetter yn de buert te kommen is it fansels wol goed te folgjen. We hope dat dat foar in soad minsken in mooglikheid is en hjitte ús publyk wer fan herte wolkom!

https://www.ifks.frl/zondag-zeilen-op-de-fluessen/