IFKS Ychtenerbrêge Tongersdei 24-8-2017

Juster hoopten we op in better risseltaat en seine we: we sille it sjen… En we hawwe it sjoen!

Wat in geweldige wedstriid foar Blauhús hjoed. Fanôf de wâl wie der in moaie striid te sjen tusken Gerrit Huisman, Alisa Stekelenburg en ús eigen skip. Blauhús wist der hjoed in fjirde plak út te slepen en de bemanning en fans gean dêrtroch al mei in feestgefoel de Blauhúster merke yn. Foar safier der tiid is om merke te fieren tenminsten, want it wedstriidwetter lûkt ek.

We hope op noch twa moaie silersdagen op’e Lemmer, mei genôch spektakel foar elk.
Hjoed yn Blauhús ha de minsken fan it Teatskehús de bemanning al fol fjoer tasongen en súkses tawinske, dus dêr sil it ‘m net oan lizze!


ûnderweis nei Ychtenerbrêge misten we in brêge dy’t omheech koe…