In sânde plak op Heech

Hjoed wat minder wyn en dat pakte foar de Blauhústers yn de rin fan de wedstriid neidielich út.

Ingesloten

Nei in moaie start mei in twadde plak om de earste tonne, rakke Blauhús stadichoan fierder achterop. Om de ûnderste tonne leine we noch treds, mar by de boppeste hie de Freonskip it fyfde plak. Ek dat plak koe net fêstholden wurde, ûnderyn gie Blauhús as sânde om de tonne en dat waard ek it finishplak hjoed.

Moarn mar wer wat mear wyn yn de seilen, dat kin de Freonskip wol brûke.