Kreas fjirde plak foar Blauhús

De Freonskip gie hjoed meunsterachtich fan start. Fuort achter de Sterke Jerke oan fear Blauhús twa kear as twadde om de boppeste tonne. Yn it tredde rûntsje moasten se har plakje ôfstean oan de Raerder Hoek en wie ek Ora et Labora hun foarbygien. Der moast noch flink striden wurde om it fjirde plakje fêst te hâlden, de loft boppe de Heegemer mar wie tsjok fan wyn, wetter en ûnwaar, mar de Blauhúster bemanning krige it foarelkoar en kaam as fjirde oer de finish. In pracht wedstriid om te sjen, foaral foar it publyk op it wetter. Nei in groet lâns dizze fjouwer ‘Blauhúster publyk-skipkes’ koe de Freonskip del by it skip fan de IFKS wêr’t se de boel neirinne litte moasten foar in kontrole. Lokkich wie alles yn’e oarder, dus koe it fjirde plak sûnder strafpunten opskreaun wurde.