Langwar



De kop is derôf!

Dit wykein hat de earste silerij fan it seizoen plakfûn, tradysjoneel op de Langwarder Wielen.
In spannende striid wie it net, de hurde wyn dy’t ferline jier de mar oer rikke bleau no fuort.
Sneons wie der noch in lyts suchtje, mar snein wie it oars net as in driuwparty te neamen. Dizze wedstriid is net troch elk útsyld (ek wy ha it lêste ein op de motor dwaan moatten) en úteinlik troch de organisaasje net mei teld.
Foar de Blauhústers dy’t foar it earst mei de nije ‘Freonskip’ (foarhinne ‘Roos van Dekama’) sylden wie it dúdlik allegear noch even wennen mei it ûnbekende ark. It grutte súkses bleau dan ek  út dit wykein. Sneontemoarns wiene we te gau by de start en om dy reden diskwalifiseard. Spitich. Middeis gie it krekt even better en wiene we 7e, mar mei de diskwalifikaasje fan de moarns kamen we ûnderoan te stean yn it klassemint en dêr koene we it mei dwaan. Net it moaiste plak, mar dêr moat ek ien stean en wy sille it mar as in training beskôgje.

Lengte klasse A | Skûtsjesilen Langwar 2018
# Naam Schipper Naam Skûtsje 1e Za 2e Za Zo TOT
1 Sikke Heerschop Wylde Wytse 1 1 2
2 Klaas Kuperus De Zes gebroeders 3 2 5
3 Ulbe Zwaga Waaksdom 2 3 5
4 Siebo Zijsling Striidber 4 5 9
5 Ron Syperda Ale 6 4 10
6 Koos Lamme Singelier 7 6 13
7 Wietse Bandstra Redbad 5 9 14
8 Jan Overwijk Twee gebroeders TT 8 8 16
9 Hartman Witteveen Freonskip ocs 7 17