Learsum wykein Slach om Heech

It Blauhúster Skûtsje Freonskip koe spitichgenôch net oertsjûgje tidens de Slach om Heech. De Blauhústers einigen nei 6 wedstriden as lêtste yn it algemien klassemint. Wol wie it in tige learsum wykein wêr op wy fierder kinne.

Op sneon 2 july stiet de Tûke Joeki-bokaal op it programma. De Freonskip sil dan op de Aldegeaster brekken striide tusken ferskate IFKS- en SKS-skûtsjes om de begeerde trofee. Ynfo en datums komme meikoarten op de webside en Facebook.