Lemster feestje oan board

Mei gang as in kûgel fleach de Freonskip op ‘e Lemmer it wetter oer. Fuortdaliks waard it twadde plakje pakt en dat ha de mannen ek net wer priis jûn.

Jan Visser út Heech gie rom op kop, dy wie foar Blauhús net te besilen. Fanút de eachhoeke kaam de Sterke Jerke ek al gau yn’t sicht, sy liken ferhipte ticht by Blauhús te kommen, mar sels dit A-skip koe de Blauhústers dy’t op merke-benzine lieken te farren, net foarby komme.
Mei faasje helle de Freonskip hjoed in twadde plak, de skipper sprong fan bliidskip in gat yn’e loft. Spitich dat de gyk dêr krekt siet. Hy gie tsjin de flakte en moast him even deljaan. De seilen del en gjin earetochtje lâns it publyk, mar niks koe de wille bedjerre.

Sels it protest tsjin it weromdraaien fan de strafpunten op Ychten makke net mear út hjoed: Blauhús fiert feest, op’e merke én op’e Lemmer!