Mei it skûtsje nei Sail 2020


It Blauhúster Skûtsje ‘Freonskip’ is útnûge om mei te farren mei Sail 2020 fan 12 oant 16 augustus yn Amsterdam. In spektakel fan jewelste om te farren tusken alle grutte Tall Ships. Foar ús in foarrjocht om hjir oan mei te dwaan, foar gasten in ynike kâns om der by te wêzen. Fansels wolle wy elkenien de kâns jaan om dit fan tichtebij meimeitsje te kinnen.

Foar dit barren kin der in kar makke wurde út ferskate arranzjeminten dy’t oanbean wurde. Sa binne wy der by mei de Sail-in op woansdei en kinne jo fan moarns tsien oant middeis trije oere oan board wêze. We hawwe dan as skip in plakje yn de parade en farre fan it Amsterdam Rijnkanaal nei it sintrum. Underweis krije jo rojaal te iten en te drinken, alles sit by de priis yn. Ek op de oare dagen is der plak oan board en kinne jo, foarsjoen fan in hapke en een slokje, meifarre mei de Freonskip troch Amsterdam. Der binne opstaptiden tidens de lunch, letter op’e middei, of jûns. Sa is der foar elk wol in geskikte tiid by!

Wolle jo oanslute bij dit barren? Nim dan kontakt op mei Yme Overwijk, hy kin jo der mear oer fertelle.  ([email protected]  06 13603562)

https://www.naupar.nl/sail-amsterdam/