Moai silerswaar op’e Lemmer

It wie hjoed in prachtige dei foar de skûtsjesilers op’e Iselmar én foar it publyk oan wâl. It sintsje der by, in flinke pûster wyn en de skûtsjes lyk foar it sicht lâns kommen sjen. Moaier kin hast net.

Blauhús fleach bêst út ein, se sylden op in tredde plak op de earste tûne oan, mar koene yn it foar de wynse rak dat plak net hâlde. Al gau sylden se op de fjirde posysje, wat se letter yn it krúsrak ek noch priis jaan moasten. Lokkich slagge it om it fyfde plak, mei de hite azem fan de Westenwind yn’e nekke, te hâlden en waard it toch wer in spannende striid. Mei dit fyfde plakje stiet Blauhús noch hieltyd op in kreas fjirde plak yn it klassement. Moarn is it saak om de Redbad op ôfstân te hâlden, ek de Verwisseling, de Jonge Rein en Westenwind meie om ús moarn wol achter Blauhús oan farre.

We sille sjen wat it waar docht. Moarn sylt de Freonskip mei it wite túch en we hope dêrmei wer op goed resultaat. It soe toch machtich wêze om dit earste jier yn de B klasse mei in fjirde plak yn it klassement ôf te sluten.

Allegear wer fan herte wolkom op’e Lemmer!