‘Blauhús’ sil dielnimme oan de IFKS sylwedstriden. Sneon 19 augustus 2017 is de wrâldprimeur.
Jappie de Jong, Yme Overwijk en Wypke Attema priuwden wol gau ris oan de sfear rûnom yn ‘e Provinsje by it Skûtsjesilen en seine: ‘Dat kinne we yn Blauhús ek’.
Mei de Blauhúster Merke 2016 hawwe de mannen in grutte ploech skipsmaten ronsele. Al gau folge in snuffelstaazje mei it skûtsje fan De Gaastmar en is de knoop trochhakt.
Yn in koart skoftke tiid waard der in soad regele. Desimber 2016 parkearde de ploech foar it earst in skûtsje by de Opslach fan Blauhús en liet men it doarp en de omkriten hearre oer it foarnimmen. It inysjatyf sloech oan en de bemanning wie al gau foltallich. Der waard in bestjoer formeard en de ploech wie fan no ôf oan offisjeel ‘Stichting it Blauhúster skûtsje’.
De Stichting hierde yn 2017 in skûtsje fan Jacob Huisman en hat dit skip de namme ‘Freonskip’ jûn.
Mei grut bombaarje waard op 18 maart skip en bemanning toand. De minsken fan it Teatskehús makken mei goedfinen fan de Blauhúster Dakkapel Fryske flagge kielen foar de skipslju en dit tenue waard nêst it skip muzikaal oerdroegen oan de skûtsjesilers. Der wie muzyk fan Johannes Rypma en Johannes Hobma fertelde oer it skippersferline fan Blauhús. Moaie sfearen en moaie ferhalen en no wie it tiid foar in nij stikje skiednis: skipper en blazer by de Dakkapel Yme van der Meer, waard út it publyk plukt om it skûtsje far-klear te meitsjen. Neffens âlde tradysje helle skipper Hartman Witteveen in ammerke farwetter út de Sylroede, sadat Yme dit oer it nammeboerd kletse koe.
It wie in feit: it skûtsje ‘Freonskip’ koe yn de faart.
Hast in jier letter waard der in eigen skûtsje kocht: ‘De Roos van Dekama’ wie tenein it skip fan de Blauhúster bemanning, dy dêr ûnder de namme ‘Freonskip’ mei farre. Ek gasten binne tige wolkom oan board by de Blauhúster bemanning. Foar ynformaasje oer it ôfhieren fan it skûtsje mei in skipper en in oantal bemanningsleden kinne jo altyd maile ([email protected]) of belje mei Jappie de Jong (06-22521532). Der is fan alles mooglik, wy gean graach mei jo ploechje it wetter op!
Sûnt de maitiid fan 2017 wurdt tongersdeis treend op de Brek en de Heegemermar. De silers wurde hjirby bystien troch betûfte wedstriid-siler en ervaren skipper Sipke Westra. Der is meidien oan it skûtsjesilen by Langwar, Lemmer Ahoy en de Slach om Heech en no binne de mouwen fan de Fryske kielen opstrûpt foar de IFKS. It giet oan!
Graach oant sjen op of by it wedstrydwetter,
Bemanning en bestjoer Stichting Blauhúster Skûtsje