Op’e nij in goeie dei foar Blauhús

Ek op Starum hat it Blauhúster skûtsje, mei in stûve wyn, in knappe wedstriid syld. Letter op’e moarn bliek al gau dat de A klasse (lyts en grut) troch tefolle wyn net iens oan silen takamen; dizze wedstriden waarden ôflast.

It gie foar Blauhús al goed fan start mei op it each in fyfde posysje.
Nei de earste tonne wie Top en Twel foarby en gie de Freonskip op it sechde plak fierder. Dat plak moast TT al gau wer ynleverje en dêrnei hat Blauhús it fyfde plakje net mear priisjûn. Top en Twel rakke achterop en Blauhús besocht noch mei in oare slach fierder nei it foarein te kommen, spitigernôch sûnder súkses.
Mei Sterke Jerke wer rom op kop en Jan Visser fan Heech wer krekt ien plak foar Blauhús kamen we as fyfde oer de finish.

In prima prestaasje wêr’t elk mar dik tefreden mei wêze kin. Seker as we neigean dat der hjoed by de C-klasse trije skippen net fan start giene, ien mei averij derút rakke en ien omgie is it foar ús wer in goeie dei om op werom te sjen. Sa’t in donateur juster fia de mail al witte liet: ‘samar wat trochgean soe’k sizze’.