Ploechjesilen

Liket it jo moai om ris it wetter op, mei bygelyks in groepke freonen, famylje, kollega’s of in oare ploech, wit dan dat de bemanning jo graach meinimt foar in gesellige, aktyf ûntspannen moarntiid, middei of dei. Wolle jo in pear oeren it wetter op, of leaver wat langer. Nimme jo sels fan alles mei oan board, of ha jo graach dat wy de boel regelje. Yn oerlis komme we der meast wol út.

Foar € 500,- eks. btw is it skûtsje mei in skipper en bemanningsleden ûngefear fjouwer oeren ta jo beskikking.
Foar ynformaasje kinne jo kontakt opnimme troch it formulier yn te foljen, in mail te stjoeren nei [email protected] of te beljen mei Hartman Witteveen (06 22 90 45 97).

Graach oant sjen by ús oan board!
It Blauhúster Skûtsje ‘Freonskip’