Gjin Sail Amsterdam…

Foar in grut spektakel sa as Sail Amsterdam wie it al gau dúdlik: dit koe net trochgean. Hiel spitich, it hie ús prachtich like om mei ús moai opknapte Blauhúster skût mei gasten by Amsterdam lâns de mannichte te farren. Lokkich is der oer in pear jier wer in kâns: yn 2025 wurdt it in ekstra grut feest. Amsterdam bestiet dan 750 jier en foar Sail is it de 10e kear. We hoopje dat we dan ek wer fan de partij wêze kinne en jim in moai arranzjemint oanbiede kinne. Jim hearre der fan.

Sail Amsterdam 2020 | Rederij Prinsengracht