Ofrûne wykein wie it tiid foar de Roekoepollerace op de Snitsermar. Der wiene 2 wedstriden op sneon en 1 wedstryd op snein neidat de twadde wedstryd troch hurde wyn skrast wie. Freonskip hie sneon de wyn yn de seilen en koe de oare skûtsjes fan de A-Klasse IFKS en SKS aardich byhâlde. Woliswier dat wy de earste race as lêste einigen en de twadde race as ien nei lêste, mar it feit dat wy net fier achter de hiele float einigen hat ús gerêststeld. Dat jildt ek foar de wedstryd op snein, goed meikomme en in protte leare.
No is it seisoen echt foarby en wurdt alles klearmakke foar de winter. It skûtsje is gau wer te sjen yn Blauhûs by de opslach.
Wy wolle de haadsponsors Mechanisatie D. Kuipers B.V., De Waard Grondverzet B.V., Brandsma Digitaal Meten B.V., alle flaggesponsors, donateurs en supporter tankje foar harren stipe ferline jier. Op nei in suksesfol 2023 mei syn allen!
Groet,
Skipper en bemanning It Blauhúster Skûtsje Freonskip