Skûtsjesile!

Ferline jier koe elk mei hurde wyn en reinwetter oan de kant fan de Sleattemermar nei it IFKS silen sjen. Dizze simmer sit dat der helaas net yn.

Mar let op! Foar de leafhawwer is der tongersdei, freed, sneon en snein wol in lyts ‘ûnderling toernoaike’, mei acht dielnimmers, om fan de genietsjen. En neffens it foarútsicht mei prachtich moai simmerwaar. Dus, hâlde jim fan skûtsjesilen, kom dan tongersdeitemiddei nei Ychtenbrêge. Om ien oere is de earste start en dêrnei sil der noch twa kear syld wurde.

Freed binne de wedstriden ek dêr op de Tjûkemar. Oan’e ein fan de middei set de karavan op Sleat ta, sadat der sneon en snein noch op de Sleattemermar syld wurde kin. It is fêst mooglik om op romme ôfstân fan elkoar in plakje op de wâl te finen, dus: WOLKOM!

Dielnimmers:
1. Aeger van der Hoef – ‘De drie gebroeders’
2. Wietse Bandstra – ‘Redbad’
3. Jimte Koopmans – ‘Deviatie’
4. Henk Regts – Ychtenbrêge
5. Bas Krom – ‘Verwisseling’
6. Sikke Heerschop – ‘Wylde Wytse’
7. Ron Syperda – ‘Ale’
8. Hartman Witteveen – ‘Freonskip’