Slach om Heech


Dit wykein binne we wer mei it skûtsje ‘Freonskip’ op de Heegemermar te finen mei de wedstriden fan ‘de Slach by Heech’. We sile beide dagen trije wedstriden. Sneon 16 juny en snein 17 juny sil der beide kearen starten wurde om 10:10 oere en dan sneontemiddeis nochris om 13:10. De oare starttiden moatte noch bekend makke wurde, we hoopje dat dy noch op de site fan www.wsheeg.nl komme sille. Blauhús fart yn de C-klasse. De skippen fan de C en de lytse A klasse sille tagelyk de wedstryd sile, herkenberheid fan klassen oan befobbeld in Fryske flagge sil sneontemoarn pas bekend makke wurde.
Jo kinne de wedstriid it bêste folgje oan de Yndyk by Wâldsein of op de mar sels. As jo yn Heech sels op’e kant stean, binne je werskynlik te fier fan it wedstriidwetter ôf om it goed sjen te kinnen.