Slokje op it âlde en nije jier

It is sa stadichoan in tradysje wurden: op de lêste sneon fan it jier kinne jo mei de bemanning fan it Blauhúster skûtsje in slokje nimme op it âlde en it nije jier. Hjoed is dat al net oars. Fan’t jier kin dat net nêst in mei ljochtsjes optúgd skûtsje, omdat der op dit stuit grut ûnderhâld oan it skip plak fynt, mar binne jim útnûge foar in slokje yn de garaazje fan Witteveen & Brouwer oan de Vitusdyk 15 yn Blauhús. Dizze garaazje is hjoed ek fuort de start- en einlokaasje fan de rintocht ‘Strune troch Blauhús’. Ek tige de muoite wurdich. Allegearre wolkom fanôf in oere as fiif fan’e middei!

Bestjoer en bemanning fan Stichting ‘it Blauhúster skûtsje’

Miskien binne der noch kaarten te krijen foar it strunen:|
https://www.blauhus.nl/nieuws/Strune-troch-Blauh%C3%BAs