Swimme yn’e waring

It gie mâl op it wetter by Ychten. Yn de C-klasse fleach al ien oer board en gie der in skip om. Tidens it ynsilen fan de B-klasse siet it gros fan hun publyk yn de auto de dikke bui ôf te wachtsjen. De minsken op it wetter koene net skûlje fansels, dy moasten wol troch.

De start wie wat letter en sa koene de minsken oan wâl de start dochs goed meikrije. Dizkear yn ien kear raak. Fan de wâl ôf te sjen like Blauhús der hiel goed by te lizzen, by de earste tûne kamen se as fjirde lâns, by de twadde tûne moasten se noch in plakje weijaan om úteinlik op in 6e plak te bedarjen wat se gelokkich fêsthâlde koene. Oan board wie it skuorren en bealgjen, reven derút en reven deryn, sawat op ien ear lizze mei de waring sa fol wetter dat se de borstcrawl dwaan koene en eintsjebeslút ek noch in staach stikken.

Mar blinder, toch wer in plak yn it earste rychje; nûmer seis, dus sa bêst as wat.
Minsken op’e kant: bedankt foar jim kommen. Moarn en oaremoarn wurdt der syld yn’e Lemster baai, dan sille we sjen wat it waar dan docht. Yn alle gefal wurdt jim kommen tige wurdearre en hope we jim ek yn’e Lemmer wer te sjen. Wolkom!