It sylseizoen set wer útein. Sneon 8 april is de earste training fan it nije seizoen alwer foltôge troch ‘ It Blauhúster Skûtsje ’. It skûtsje fart ek wer kreas op it Fryske wetter; winterdeis hat de bemanning nammentlik drok dwaande west mei it skjirjen en fervjen fan it skip. Takom wykein op 14 en 15 april steane de earste wedstriden alwer op it programma. Op de Langwarder Wielen by Langwar giet It Blauhúster Skûtsje wer it wetter op. Dit jier sil ús skûtsje te bewûnderjen wêze yn de B-Klasse.