Topstart op Hylpen

Wat in geweldige earste wedstriid seagen wy by Hylpen!

Blauhús hie al in moaie start en koe mei in fyfde plak begjinne yn it foarein. Al gau leine se twads en koene dat ek in flink skoft folhâlde. Sterke Jerke makke de namme wier en gie glorieus foarop mei Blauhús derachteroan. Jan Visser út Heech, dy’t frijwol achteroan de startline oer gie, makke in goeie slach, helle mei faasje in flink tal skippen yn en begûn ek hieltyd tichter by Blauhús te kommen. Yn it lêste rak gie de Zeldenrust toch foar Blauhús om ‘e tonne en koene de Blauhústers úteinlik mei in moaie tredde plak op de Hylper haven oan gean, wêr’t skipper Hartman him klearmeitsje koe foar in IFKS ynspeksje oan board.

In superbegjin foar de Blauhúster bemanning en al hun (hast in Blauhúster ynfaasje te neammen) publyk oan de kant.