Utslach IFKS 2018

Nei in prachtige sylwike, mei foar Blauhús op de earste dei op Hylpen in tredde priis en op de lêste dei op’e Lemmer in twadde priis, stiet der foar ús in fyfde plakje yn it klassemint. 
https://www.ifks.frl/wedstrijddagen/uitslagen/uitslag-c-klasse/ 

As dit betsjut as we trochgean nei de B-klasse hinget ôf fan wat oare skippen dogge. Mocht it sa wêze dat der skippers ophâlde of der komt in nije skipper oan it helmhout, dan is it noch mooglik dat Blauhús fan’t winter te hearren krijt dat wy takom simmer by de B’s hearre.
We wachtsje it ôf. 

Foar ús wie it hoe dan ek in skitterende wike mei moaie silerijen en in soad publyk op’e wâl. Tige wurdearre!