Wer teplak

Sa blinkend en nij as in âld skût mar wêze kin, leit it skip wer te pronk yn Blauhús oan de Opslach. Klear om nei in stille simmer wer wat ljocht te bringen yn de tsjustere desimber-dagen.

Op de foto’s kinne jim sjen dat it skip op it grutseil farrend oant de Nije brêge ta kommen is; in prachtich gesicht! It túch wie omheech mei de bedoeling dat it seil sa even drûchje koe. Spitich dat it krekt foar oankomst wer begûn te reinen. C’est la vie.

Manouvreare troch de Opfeart, mar it leit teplak!
Elkenien tank foar de stipe en graach: Oant sjen!